Nij rêdingsfest spesjaal foar fiskers útrikt yn Lauwerseach

In nij ûntwikkele rêdingsfest moat der foar soargje dat it wurk fan fiskers op see feiliger wurdt. It fest is ûntwikkele troch de Nederlandse Vissersbond en der binne yntusken al mear as 400 fan útrikt. Nûmer 400 en 401 waarden dit wykein yn Lauwerseach oerdroegen oan de bemanning fan de Westdongeradiel 18. It nije type fest is sa makke dat it net yn it paad sit by it wurk en maklik skjinmakke wurde kin. It is ek foarsjoen fan technyske snufkes, sadat in fisker dy’t yn it tsjuster by rûch waar oerboard slacht maklik werom fûn wurde kin.

Neffens siktaris Derk Jan Berends fan it fiskersbûn wie sa’n rêdingsfest hurd nedich, omdat de measte Nederlânske fiskers wend binne om gjin swimfest oan te dwaan. It troch fiskers sels ûntwikkele fest wurdt wol troch de sektor akseptearre. It bûn is begjin dit jier begûn mei it útsetten fan it nije rêdingfest ûnder de 1100 seefarrende fiskers.

http://www.omropfryslan.nl/nijs/709518-nij-redingsfest-spesjaal-foar-fiskers-utrikt-yn-lauwerseach

Bron: Omrop Fryslan